Berjocht út it arkje


Dochs noch in berjochtsje út, sa as Greet Andringa it neamde, myn sels keazen ferbanningsoarde.
De measten fan jimme sille tink ik net sa faak yn it arkje fan Rink te gast wêze, en der binne grif noch minder dy’t ynsjoch yn it gasteboek krije sille. Dat binne der no al twa. It earste is fan kaft oant kaft folkalke mei de meast prachtige berjochten út de rimboe. It twadde is dit jier yn gebrûk naam. As der in soad minsken lykas myn doarpsgenoat @venetianred plak fine yn de arke, mei der oar jier wol wer in nij boek komme, sa’n lang en moai sfearferslach hat sy efterlitten. Ik ha my beheind ta oardel side. Ik sit hjir ek mar in wike, dat mear soe ek net netsjes wêze, no? Gjin foto, mar wol in stikje oer... no ja. Sels mar lêze.

Oade oan myn maten

Och, koe ik de guozzen ferstean,
wat soe my dat wat wurdich wêze.
Koe ik harren gongen gean,
harren begripe, harren tinzen lêze.
Op grutte hichte of op de keale grûn,
mei har mei reizgje, heel temûk.
Miskien hie ik dan de ynspiraasje fûn,
it ynsjoch krigen, foar in boek?   

Reacties

Populaire posts van deze blog

Friese media voeren koerswijziging door

Artificial Intelligence brûke as moreel kompas

Russen