Amelân ferkwanselet harsels

In pear kear yn it jier wol ik graach nei de see. Dat hoecht net iens as it waarm is, ek mei hurde wyn fyn ik dat hearlik. En dan stekke wy de Waadsee oer. Wêrom geane wy al jierren nei it Amelân? En net nei Hollân? Omdat dêr fan dy aaklige húskes stean, dy't der net hearre. De Noardsee mei it lege, net skeinde strân fan It Amelân is ien fan de moaiste stikjes fan Europa.

Komt der hjoed sa'n wethâlder op de radio dy't seit dat der brainstoarme is. Dat betsjut faaks net folle goeds. Om de badgasten noch mear út te melken wolle se dêr op it eilân miskien ek wol fan dy freeslike hokjes delsette. Om de minsken de kâns te jaan om foar net al te folle jild in nacht op it strân troch te bringen. Hoppaa!
De sinten hjir ek wer belangriker dan de natuer? It liket der op. Ik ferwachtsje in stoarm fan protest tsjin dit domme plan.

En mocht it al trochgean, wy learden op de legere skoalle fan TV-TAS. Dus is der kar genôch. Ik hoopje dat se hjir net mei trochgean, want net alle feroaring is foarútgong. Dit seker net.

Reacties

Populaire posts van deze blog

Friese media voeren koerswijziging door

Artificial Intelligence brûke as moreel kompas

Russen