Ajax en Riemer

Ja, dat is even skrikke. As anti Ajax man dochs dizze kop. It giet ek net oer wat him dêr yn de hoofdplaats ôfspilet, we ha hjir de soap Ron Jans wol, dêr ha we De Verlosser en Lois net foar nêdich.

Omnium brocht hjoed in petear mei Riemer van der Velde. En dat wie de man op it goede plak. Yn fiif minuten sette er de situaasje helder del. De ûnderfining knalde út de radio wei. Foaral syn miening oer de rasistyske opmerking dy't Cruijff makke ha soe wie om te ûnthâlden. Van de Velde sei dat yn in fergadering wolris wat sein wurdt, en heakke daliks ta dat it net goed is dat soks sein wurdt, mar we moatte wol by de feiten bliuwe. En ek net al te 'fijngevoelig' wêze. Davids en in menear Ten Have(?) roppe dit, mar wat is de lading derfan? Der sit ek in dame yn de ried fan kommissarissen fan Ajax. Sit dy der yn omdat se frou is? Van der Velde sinjalearre dat as soks sein wurde soe, der gjin hûn oer stroffele. En wy ha gjin idee oer de toan dy't brûkt is by de opmerking tsjin Davids dat er lid is omdat er swart is. Miskien wie it sarkastysk? Skamper? Miskien snapt Davids Cruijff syn humor net? Der is yn dit lân net ien dy't snapt wêr't de man it oer hat, dus it soe samar kinne dat er it as grap sei. Boppedat, en dat wie de ien nul foar Van der Velde, de opmerking is moannen lyn al makke, pas no't de kniper op de skine komt, docht it samar och sa sear. Hie it dan daliks sein, Davids.

Nuanse yn de diskusje, faaks fier te sykjen as it om macht giet. Riemer ferwachte net dat se him belje soenen om as mediator te fungearjen. Bin ik no sa dom, of soe elk neidiel in foardiel wurde as se it wol dwaan soenen?

Reacties

Populaire posts van deze blog

Friese media voeren koerswijziging door

Artificial Intelligence brûke as moreel kompas

Russen