Wykein

It wie my it wykein wol wer. In pear berjochten:

Skûtsje (!) stellen yn De Hommerts. (Hoe dogge je dat?)
Foekje Dillema hat no in eigen strjitte yn Amsterdam (Wat in ein fuort!)
Der komt miskien in film oer de Sterke Yerke (Bonifatius is de folgjende)
In Italjaanske (!) lisboksstâl yn Drachtsterkompenije (Minder heech en minder lang, dus gewoan werom yn de tiid)
Cambuur en It Feen beide striemin (Gjin nijs)
Epke..., och Epke
Boekemerk yn Drachten (sjoch http://www.johan-veenstra.nl/ foar aksjefoto's)

En sa kin ik noch wol efkes trochgean. Topper yn it nijsoersjoch: De Keale Dunen bliuwe net keal. No, witte we dat ek mar. Sil wol wer in bak jild kostje om se keal te skearen.

Reacties

  1. Ferjitst fan skrik dat de Harkemase Boys al wûn ha. Dat wie noch mar de twadde kear fan't jier, dus ek in berjocht wurdich :-)

    BeantwoordenVerwijderen

Een reactie posten

Populaire posts van deze blog

Friese media voeren koerswijziging door

Artificial Intelligence brûke as moreel kompas

Russen