Wintertiid

De hjerst en de betide winter is de tiid fan wyld en nuten. Dat sizze se. En de tiid dat de klok in oere efterút moat. Wêrom is folslein de fraach, de ljochtfersmoarging sil der neffens my net minder fan wurde. Dus yn april mar gjin keunsten wer, en moai op dizze tiid stean litte.

Juster, of eins fannemoarn, kaam ik der achter dat dy klokweromsetterij noch in neidiel hat. It Feen wûn mei 4-0, en dus sitte jo dan noflik. Foaral omdat de klok in oere stilstean moat.
Myn sweager hat in poerbêste tsiiswinkel yn de Hoofdplaats, en hy ferkeapet ek nuten. Dêr bin ik sljocht op. Wâlnuten, wol te ferstean. Pinda's, tamme kastanjes en wâlnuten, dêr meie se my wol foar wekker meitsje.

Fannacht makken de wâlnuten my dus wekker. In stik kramp yn de bealch, net bêst. Mar, it lei noflik, dat lizzen bliuwe fansels.

De snein sette yn mei trije besites oan de húskepot. De details sil ik jim besparje, mar in soad tarieding om ta de saak te kommen wie net nedich. Dêr woe ik it mar by litte.

O, ja. Wyld fyn ik neat oan. Sit sa'n nuvere bysmaak oan. Jou my mar nuten. Hjoed efkes net.

Reacties

Populaire posts van deze blog

Friese media voeren koerswijziging door

Artificial Intelligence brûke as moreel kompas

Russen