Teunis Piersma

It wurdt al mar drokker op de wrâld. Neffens berekkeningen sil de populaasje fan de meast ferachtlike soart dy't hjir omstapt, de minsk, yn 2050 op syn of har hichtepunt wêze. Op himsels ha'k net safolle op de measte minsken tsjin, hear, mar se meitsje der sa'n potsje fan.

Oant 2050 komme der dus miljarden by. As alles goed giet, lis ik om dy tiid hinne de holle sawat del, of hy leit al. Ik sil de delgong yn oantallen dus net meimeitsje. Wy libje yn de opgeande weach, om samar te sizzen. Dat is ferhipte relatyf, want mei dat it sa drok wurdt, rinne we elkoar ek mear foar de fuotten, en komme der dus spannings. Op alderhande mêd.

Iten bygelyks. Dat is no al in drama, lit stean mei noch in miljard as wat opfretters der by. It sil dus wol wer oarloch wurde. Miskien net ferkeard, as der dan mar in moaie soad opromme wurde. Dêr hat Oppenheimer in goed middel foar betocht. Hawar, sa moatte we net.

No wie Teunis Piersma hjoed op de radio. En dy hie in nijsgjirrich ferhaal oer Sina. Dêr binne ek nochal in pear fan, Sinezen. En dy moatte ek ite.
Der binne party minsken dy't goede plannen ha om safolle minsken oan in stikje brea te helpen. Piersma griisde fan de ferearming dy't dat yn de flora jaan soe, mar dêr giet it no net om.

Hy sei, dat dy Sinezen net mei it probleem sitte, dat der eltse fjouwer jier in nij regear komt. Mei nije minsken dy't harren plakje op de Wall of Fame befjochtsje. Koarte termyn tinken. Hingje nei it plús. Dat ferfelende debattearjen om neat. Dat ha se dêr net. En dus tinke se dêr fierder as fjouwer jier. Piersma ferwachte dan ek dat der op it mêd fan oplossings yn it ramt fan de itensfoarsjenning út Sina mear nijs komme soe dan út it ûntwikkele 'frije westen'. Hy heakke der daliks oan ta dat er net foar it opheffen fan de polityk is, sa't we dy hjir ha, mar dochs.

No, dat is in aardige gedachtegong. En ik wol der in hiel ein yn meigean. Mar Sina mei dan foarútstribjend wêze op in soad flakken, it doocht fansels fan gjin kant, dat hiele lân.

Sa lang as de Mount Everest noch yn Sina leit, en net yn Tibet, sa as it heard, ha ik der myn betinkingen oer.    


Reacties

  1. Hoi allegear online kijkers, ik bin Jeroen Van Diemen Arbeiter, ik kom út Ljouwert, frieslân hjir om in geweldige baan foar my te dielen. Nei trije jier trouwen mei myn man mei twokiden begon myn man frjemd te gedrage en mei oare froulju út te gean, en liet my kâlde leafde sjen, by ferskate gelegenheden driget hy my te brânen as ik him doar te freegjen oer syn relaasje mei oare froulju , Ik wie folslein ferwoaste en ferbaasd, oant in âlde freon fan my my fertelde oer Dr. Igbinovia it ynternet, dy't minsken helpt mei public relations en houlikproblemen rakkausloitsujen krêft, wie earst skeptysk oer it as it ea bestie, mar ik besleat om besykje it doe't ik kontakt mei him hie, hy holp my om rakkausloitsun te gooien en binnen 48 oeren kaam myn man werom nei my en begon har te ferûntskuldigjen. No is hy klear mei de oare froulju, en sy giet fuort mei in goed en wirklik libben. Nim kontakt op mei dizze grutte rakkaudenloitsijaan om suhdesi as houliksprobleem hjoed kin wurde oplost. Se sil ek HIV / AIDS ferbetterje, hepatitis, lege graad tsjin behanneling fan kankersykte, fibrous sykten, Gonorrhea, Fallopian buizen, swangerskip, Hepper. allegear tank oan Dr. Igbinovialle, hy of sy kin jo ek helpe, kontakt mei him opnimme as jo direkt syn assistinsje nedich binne oan syn WhatsApp him +2348144480786 of e-post, doctorigbinovia93@gmail.com tank oan it feit dat jo tiid mei my trochbrocht hawwe. ........

    BeantwoordenVerwijderen

Een reactie posten

Populaire posts van deze blog

Friese media voeren koerswijziging door

Artificial Intelligence brûke as moreel kompas

Russen