Sûpkeet

De sûpkeet by Koudum mei iepen bliuwe. De gemeente hat belies jaan moatten. Daliks in warskôging foar dy jongerein: Foar no. Want nei de nedige fergaderingen sil der fêst opnij besocht wurde dit stikje ferdjêr de nekke om te draaien.

Apart. Dy bestjoerders binne nea lyts en ûndogensk west, sa't it liket. Ha nea earne op in plak dêr't dat net mei, in pilske snapt. Ha nea in joint smookt, ek net doe't se studint wienen. Ha, en dat is dan wol wer wierskynlik, nea mei in ploech maten in lekker feestje fierd.
Se binne sa blank as in leelje. En och sa ferstannich. Miskien sels koartlyn wol op flirtkursus west. Dus moatte se de jongerein op it goede paad sjen te bringen, krekt sa saai as sy dat dien ha.

No, it leit wol efkes oars. Ik woe se net graach de kost jaan, dyselde bestjoerders dy't wike op wike lamlazerus earne yn in studintestêd fan de brêge pissen. Dy't, as se de moed opbringe koenen, mei in pak spikers yn de kop de kolleezjebanken ynskoden, mei in glês bier as drinkontbijt yn harren donder.

Allinnich dy namme al. Sûpkeet. Itselde as 'het zeilmeisje' Dekker. Freeslik. Dêr sprekt in mânsk dedain. En ik wurdt der mislik fan.

Lit dy bern. Yn de regel stiet sa'n keet op in boerehiem, en hâlde heit en mem de boel wol wat yn de stringen. De rotsoai yn de buorren op stelten sette, mei fernielerij en oarsoarte ûnnocht bringt foar de bewenners in berch argewaasje. No ha se in eigen plakje. As de hearen en dames bestjoerders der in eachje op hâlde wolle, lit se dan sa no en dan nei sa'n útbuorren ôfreizgje om de boel te besjen. Ik wik jimme, krije se ek noch in pilske oanbean. Fielt it ek nochris of hearre se derby.

Reacties

Populaire posts van deze blog

Friese media voeren koerswijziging door

Artificial Intelligence brûke as moreel kompas

Russen