Soan dolt heit op

No, no, no. Wat in mediaspektakel. Hast it hiele lân hat it der oer. Soan dolt heit op. Yn it fiere Wolvegea, nota bene.

As deagraver moat ik hjir fansels wol efkes op reagearje. Earst mar de technyske kant fan it ferhaal. Want sa maklik as it no brocht wurdt, is it net. Soan dolt heit op. No, dêr hat soan wol efkes mei dwaande west. En nimmen hat wat sjoen. Is mooglik, mar net foar de hân lizzend.

Goed, en no ta de saak. Gejeuzel ha'k de hiele dei al oanhearre moatten.
Dizze man fan goed fyftich jier is slim yn de war. Hy is geastlik sa op 'e doele dat er syn ferstoarne heit út de grûn helje wol.
Al dy geile media soenen har deaskamje moatte. En ik fyn it ek net te begripen dat der in parsegearsit organisearre wurdt om út te lizzen wat der oan de hân is.

Dit is in yntryst ferhaal, dat justysje gewoan ûnder de pet hâlde moatten hie. Guon yn de neiste omjouwing mei fragen, hienen troch de plysje ynljochte wurde kinnen. Wat is yn de frede de mearwaarde fan it lânlik bekend meitsjen fan in slim gefal as dit? En dan slim foar de man yn kwestje. Net foar de heit, dy hat der gjin lêst fan hân dat der mei him omtôge waard. Nee, dizze soan kin, as er aanst miskien wer út it GGZ-trajekt komt, nea wer mei goed fatsoen oer de dyk. Dêr soargje dy aasgieren fan de rabberijblêden wol foar.

Ik miende dat yn dit lân dieders safolle mooglik út de wyn holden waarden. Mar dizze man is fansels gjin dieder, mar slachtoffer. Fan syn geastlike tastân, mar foaral fan wat him no troch op sensaasje longerjende minsken oandien is. In grof skandaal, dat is it.

Reacties

Populaire posts van deze blog

Friese media voeren koerswijziging door

Artificial Intelligence brûke as moreel kompas

Russen