Sibon

Hearrenfeanspits Gerald Sibon net yn de wedstriidseleksje fan moarn. Omdat er de ûntwikkeling fan 'toptalinten' yn de wei sit. No, dat freget om wat nuanse.

Sibon is weromhelle om de oanfallers fan It Feen op gleed te helpen. Mar sa as ik earder al sein ha, http://www.blogger.com/blogger.g?blogID=5698814771774291547#editor/target=post;postID=4472159781436673447
kin en wol Jans neat mei dizze Drint.

Yn de lêste thúswedstriid hat er Sibon hast in Drintske oere waarmrinne litten. In skandalige fertoaning. Sibon waard sa lilk dat er syn hesje yn de dug-out smiet en mei de fuotten oerelkoar sitten gie. Doe hat master Jans him nochris in pear loaze eintsjes drave litten. Mar ynfalle? Nee dus. Wylst ús superspits Dost ek doe wer gjin knikker rekke. Wa waard ynbrocht: Breuer. Echt in oanfallende wiksel.
Sa geane je net mei Sibon om. De man dy't der mei de lêste pingel foar soarge dat Hearrenfean de beker wûn, is gjin pupil mear.

It foel my op dat der neat oer de troebele ferhâlding tusken Sibon en Jans skreaun waard (en wurdt).
Sibon hat in idee oer hoe't je de bal tusken de peallen skoppe moatte. En dat er it iene pakje filterpeuken nei it oare opsmookt hat dêr neat mei te krijen.
Jans wol datsoarte spilers net. Hy is dwaande mei in skoalklaske les te jaan. En o wee as der sa'n hampelman is dy't it better wit dan master, dan is er oan de beurt. Dan is der samar in stean yn de wei foar de jonge spilers.

En de direksje? Hjerstfakânsje, nim ik oan.

As no moarn dy superboeren mei nul-fjouwer nei de Achterhoek gean? Ik tink dat Jans dan sizze sil dat Sibon de sfear en dêrmei de ûntwikkeling fan it hiele âlvetal negatyf beynfloedet.

Hy soe better de goede punten fan de synyske Sibon brûke kinne yn de trening fan Dost. Sibon wit wol hoe't er in bal oannimme en in tel as wat fêsthâlde moat. Mar de droege humor fan Sibon sil Jans wol boppe de pet gean.    

Reacties

  1. It moaiste is noch, dat se Sibon, dy't de ûntwikkeling fan jonge spilers sa bot yn'e wei stiet, no wol by de beloften spylje litte wolle. Ik leau, Sibon moat mar ris mei de middelfinger swaaie, al is dat fansels net netsjes. Hoe dom wol je wêze? Sneon Zomer der út en Breuer der wer yn. Jans hat der doel oer, dat is wis.

    BeantwoordenVerwijderen

Een reactie posten

Populaire posts van deze blog

Friese media voeren koerswijziging door

Artificial Intelligence brûke as moreel kompas

Russen