MijnAgnes.nl

Je ha websides yn soarten. En mei de meast nuvere nammen. In tal foarbylden?

Hoedoeik.nl
Watmoetikdoen.nl
Watmoetikleren.nl
Kanikeenkortebroekaan.nl
Gekkermoethetnietworden.nl

Der sille grif noch in berch aparte nammen wêze. Der wurdt op dit stuit in soad reklame makke foar in side mei in wol yn it each springende titel.

Stel jo ha pine yn de holle, in lamme poat, sommige minsken ha yn beide fuotten in kûgel, guon miene dat se lêst fan de fallende blêden ha, ergenis oer motorseagjende buorlju, tinteljende winterteannen, kryststress, in ûnbetwingber lângstme nei lawinepylken, of sterk it idee dat jo deskundich binne op in mêd dat yn de waan fan de dei net fan de TV te slaan is.

Dan leit it foar de hân dat jo dêr in piltsje foar krije. Wol of net foarskreaun troch in dokter, of troch in kwakzalver.
Grutte kâns dat je fan it ynnimmen fan dy pil, wol of net feroarsake tusken de earen, wat oerhâlde, of ekstra op ta krije.

Ha dan gjin noed. Agnes Kant is jo ferlosser yn dizze need. Sy seit dat je by hokker klacht dan ek mar, in bisite bringe moatte oan: mijnbijwerking.nl


Jo persoanlike fraachbaak, online, 24 oeren deis te besjen. No, dêr hat Agnes klauwen oan hân, al dy jierren yn de Twadde Keamer. Wat? Se wie al lang premier west as se yn dy wrede debatten mei har BlackBerry efkes mijnbijwerking.nl rieplachtsje kinnen hie. Dêr kin gjin wûnderdokter út de Wâlden tsjinoan.        

Reacties

Populaire posts van deze blog

Friese media voeren koerswijziging door

Artificial Intelligence brûke as moreel kompas

Russen