Kanada

As jo blogge mei Blogspot.com, binne yn de statistiken de lannen te sjen dêr't jo lêzen wurde. Freegje my net hoe't soks wurket, mar ik fyn it in wûnder. No ha ik in kear in test dien, om te sjen oft der yn de USA ek guon foar myn Stikelstekkerskerm te krijen wienen.

Ik smiet in pear rare wurden op it net, Obama, bom, Osama Bin Laden (dy wie der doe noch) en noch in pear loaze wurden. De oare deis hie ik folgers yn de USA. Dus ik tink dat der servers fan de ynljochtingstsjinsten sykje op datsoarte wurden. Mei bêst, ik ha neat te ferbergjen. Boppedat witte se alles al.

Kanada wie altyd yn grut, wyt flak. Wylst dêr in soad Friezen om útens wenje, dy't mei de triennen yn de eagen  It wrede paradys lêzen ha. Mar sûnt in oantal dagen is it lân grien kleure! Dat betsjut dat der immen yn Kanada myn bloch folget. As it no net de Kanadeeske CIA is, wol ik dyselde wolkom hjitte. En hoopje dat hy of sy wat reklame makket, sadat der oer de grutte plasse mear folgers  komme. Noch moaier soe wêze as er in kear reagearret, wy binne hjir noch altyd sa fan: Wêr komst wei en fan wa bist ien, no? Hoe dan ek, wolkom.

Reacties

Populaire posts van deze blog

Friese media voeren koerswijziging door

Artificial Intelligence brûke as moreel kompas

Russen