Kadootsje foar mysels

Wêr sille we it ris oer ha.

De repetearjende Euro krisis? Nee.
Bert werom nei de roots Middel? Nee.
Robert gokferslaafd Veenstra? No, dêr wol ik it noch wolris oer ha. Mar hjoed? Nee.
Pieter lekker by mem op de bank Spinder? Nee.

Lit ik no ris wat oer hjoed fertelle. En it kadootsje dat ik oan mysels jûn ha. Dat is in saak dy't net faak foarkomt. Ik bin net sa fan de gadgets yn de foarm fan klean of sa. Mar hjoed bin ik mysels raar te bûten gien. Sûnt junior op de pony sit, ha ik nea oanstriid hân om ek sa'n apparaat oan te skaffen. Hoe oars is dat mei har oare hobby. Gitaarles. Oei, dat is eltse kear wer binnenkomme yn in snobbersguodwinkel.

Ik ha in geweldige gitaar. In elektryske. As je goed oan de hals skuorre, giet it lûd mei in oktaaf omheech. Pure kwaliteit dus. Mar net echt.

Sjoch, ik bin fansels yn de moanne fan it Fryske boek folslein binnenrûn, dat ha jim wol yn de gaten. Hoech nea wer in slach te dwaan, en dan ha'k it noch net iens oer de royalty's dy't mei bakken binnenstreame. Dus tiid foar in kadootsje.

Yn de net neier te neamen winkel yn Drachten, oan de Kolken, dêr't je Opmaat Groove kinne yn de Factory, seach ik him hingjen. In swarte. En hy glom net. Matswart. Daliks ferkocht. Dy woe ik ha. En dy ha'k dus ek nét kocht.

Want: doe't de ferkeapers (!) my in oar ynstrumint yn hannen skoden, wie it moaie matswarte ding neat mear wurdich. 'Ja, oar hout. Dat hearre jo wol tink?'
'Ek in oare priis,' sei ik.
'Ja, maaaar.'

Moai. Dyselde stiet hjir dus efter my. Hy is moai!!!!! En myn fingerseinen dogge sa sear as de pest.

En no is it ek wer gloeiend út mei dy selsferwennerij. Ik sil ris op myn rekken sjen oft se op de Bûterhoeke myn sinten al oermakke ha. Want dy fan myn rekken steane efter my, yn brún mahoanje en maple hout.      

Reacties

Populaire posts van deze blog

Friese media voeren koerswijziging door

Artificial Intelligence brûke as moreel kompas

Russen