Jild fertsjinje

Michael Jackson docht it mar goed. Hy fertsjinne, nee, hy krige ferline jier noch in knappe 120 miljoen byskreaun. Elvis, wêrfan't se al jierren sizze dat er dea is, pakte dochs noch in skamper fan 55 miljoen mei. Der binne dagen dat ik minder ha.

Rembrandt syn wurk is no net te beteljen, wylst er frijwat earm syn lêste asem útblaasde. Nuver dat it wurk fan keunstners faaks pas wurdearre en op wearde skatten wurdt as se der net mear binne. Wat dat oanbelanget is der foar de hjoeddeistige wrotters en wramers dus hoop. Allinnich ha je der sa'n ferhipt lyts bytsje oan...

Reacties

Populaire posts van deze blog

Friese media voeren koerswijziging door

Artificial Intelligence brûke as moreel kompas

Russen