In tút fan Mineke

Sneon op de boekemerk stien. No ja, foar in part. Ik miende dat ik kreas op tiid wie. Op it fytske fan Boarnburgum nei Drachten is te dwaan, junior docht it teminsten eltse dei. En it wie prachtich waar, no?
Kom ik dêr, blykt dat it al om âlve oere los gien wie. En ik ha it neisocht, der stie dochs echt dat it ien oere begjinne soe. Dat sparre it jûnsmiel út. De reden dêrfoar ha'k mar net iens nei frege.

'Wat bist let,' sei Johan Veenstra tsjin my. (Yn it Stellingwerfs fansels, mar dêr weagje ik my net oan) En der kamen mear fan datsoarte opmerkings. Dus: mea culpa, I did not know.

Foar de rest wie it gesellich. Bekroaning fan de dei: Ik sis it mei de hân op it hert dat ik der net op út bin om respektabele froulju op leeftyd oan te fleanen. Mar doe't ik nei hûs soe, krige ik in dikke tút fan Mineke. Myn dei wie goed.

Reacties

Populaire posts van deze blog

Friese media voeren koerswijziging door

Artificial Intelligence brûke as moreel kompas

Russen