Halloween

Efkes koart krieme, ik ha it drok. Sit midden yn de tarieding fan it Halloween feest fan junior.

It spinreach en de swarte flearmûzen hingje hjir en dêr, en de keardel dy't hjir earder wenne sil jûn wer troch it hok spoekje. Dat it in wite sanegeit fan sawat 20 jier is, och, dat ha se dochs net yn de gaten. Super Sytske, altyd yn foar in geintsje.

De tocht troch Het Buitenste Buitenbos stiet ek op it program, no mar hoopje dat Bor de Wolf lûd jout. Ik tink dat it wol goed komt.
Mocht it net spannend genôch wêze, ha ik ek in plan B. As se weromkomme út de bosk, lit ik in team hinnen fladderje. Dy sjogge gjin miter yn it tsjuster. Garandearre spektakel. In dei as wat gjin aaien ha'k der wol foar oer.

Taheakke: Super Sytske.


The ghost in the shed.

Reacties

Populaire posts van deze blog

Friese media voeren koerswijziging door

Artificial Intelligence brûke as moreel kompas

Russen