Grinskorreksje Boarnburgum en De Wylgen

Ha, altyd aardich, in berjocht fan de gemeente Smellingerlân (sis mar net Drachten). Op in reinige tongersdei kom ik yn de beslutelist dit stikje tsjin:


Grenswijziging Boornbergum-De Wilgen
Probleemstelling:
In Boornbergum ligt het uitbreidingsplan Middelgeasten. Fase 3 ligt voor een klein
deel in De Wilgen. Dit zou betekenen dat de toekomstige bewoners van het plan in
twee woonplaatsen wonen. Dit is niet gewenst. Daarom verdient het de aanbeveling
om de dorpsgrens van Boornbergum – De Wilgen aan te passen.
Besluit:
Ingestemd wordt met de nieuwe dorpsgrens Boornbergum - De Wilgen.

Soenen dy Wylgsters dat wol witte? Dat harren doarp in stik kwyt rekket oan it dochs almar grutter waaksende Boarnburgum? En binne se der nei frege wat se dêr no fan fine? En dy pear minsken dy't earne yn 2025 in hûs op dat stikje De Wylgen sette sille, want earder is dat mânske stik útwreiding net fol, soenen dy der muoite mei ha dat se net yn Boarnburgum, mar yn De Wylgen komme te wenjen?

It is in hinne en wer skowerij mei dy grinzen. Doe't it fan dei ien ferliesjouwende Frysk Hynstesintrum samar earne yn in stik greide tusken de Trisken en Boarnburgum delskiten waard, blykte dat it yn Boarnburgum stie. 'En dat was qua marketing en bekendheid niet gewenst.' Gefolch: Bombats in stik kwyt en Drachten segene mei in bongel oan de poat. As se 'na rijp beraad' oer in jier as wat sizze dat 'door voortschrijdend inzicht' dat hiele gebou plak meitsje moat foar in nije wenwyk, bin ik bang dat dy net by Boarnburgum komt.

Mar och, ik sjoch nei bûten en de sinne komt der troch. Litte se dêr oan de Gauke Boelensstrjitte mar lekker binnen op har kantoar ditsoarte drege besluten nimme, ik gean der út. Frisse lucht.

O, ja. Noch in updeet: It útwreidingsplan hjit Middelgeast, en net Middelgeasten.


Reacties

Populaire posts van deze blog

Friese media voeren koerswijziging door

Artificial Intelligence brûke as moreel kompas

Russen