Goed nijs út Grins!

Ja, dat soenen je net daliks fan Stikelstekker ferwachtsje, mar as it der is, moat it ek opskreaun wurde. It grutte nijs giet hjoed net oer in deade diktator, mar komt dochs echt út Grins.

Imperial Tobacco skrast in oantal banen, mar ta myn grutte blidens bliuwt de produksje fan it lekkerste merk tabak yn Grins. Se kinne dêr net safolle, mar goede tabak meitsje is de útsûndering op de regel. Dat suertsjeguod fan de Jouwer is neat by de Javaanske Jonges, hear.

Hoe't se it dogge, dogge se it. Niemeyer Tembaco, trijekwart mei reade Rizla. En it komt út: Grins. Net te leauwen.

Reacties

  1. Oh, giet it oer dat pakje apehier fan dy. Ik tocht efkes dat se Ron Jans dêr oppakt en fêstset hiene...

    BeantwoordenVerwijderen

Een reactie posten

Populaire posts van deze blog

Friese media voeren koerswijziging door

Artificial Intelligence brûke as moreel kompas

Russen