Fryslân opheffe

De PVV yn de Steaten wol net dat Fryslân opgiet yn in grut Grins. Om de eigen kultuer, taal ensafh.





Krekt. Doe bleau it aaklik stil. Neat gjin diskusje op ynternet. De gewoane jittikmigers dy't hjir wol wenje, mar foar it oare ta har libbensdoel makke ha om Friezen yn de bleate kont te setten, sille wol fyntsjes gnize.
As no de PVDA, de VVD of it CDA mei dit boadskip kaam wie, soe dat ferskil makke ha? Ik tink it wol.

Boaze dream:
De PVV hie better ien fan de oare partijen anonym ynflústerje kinnen dat se hjir mei komme moasten. Want no't de PVV it dien hat, kin it polityk korrekte oare part fan de Steaten net oars as ynstimme mei dy fúzje. En litte se mei krokodilletriennen yn de eagen Fryslân en de Fryske taal nei gychem gean. Moaie goedkeape oplossing foar al dy seurpotten en taalpuristen.

Minder boaze dream:
De Steatefraksjes fan it kolleezje ferjitte efkes dat se mei it gat op it plús sitte, en arbeidzje ienriedich nei it behâld fan de moaiste provinsje fan Nederlân.

Realistyske dream:
Dy meie jim sels betinke.

Reacties

Populaire posts van deze blog

Friese media voeren koerswijziging door

Artificial Intelligence brûke as moreel kompas

Russen