De Andries Knevel fraach

Foar de fêste folgers is it gjin geheim. Op freed gean ik nei de pony ta. Foar de goede oarder en om dat no ien kear de wrâld út te krijen: Ik sit der net op. Junior wol.
Myn jeugdtrauma mei in Shetlanner dy't op 'e rin gie en my fan de rêch mitere wie reden genôch om nea wer op sa'n meunster te stappen.

Soks is 20.30 dien. En dan wol ik graach nei hûs. Dus hurry-up yn de auto en gas. Dat foel in nét neutrale plysje yn in wól neutrale plysjeauto op. Net dat it drok wie, miskien júst dêrom wol, mar hy sette my en junior oan de kant. Ik hie him al in skoft yn de peiling, hear. Se bliuwe in pear hûndert meter efter jo riden, mar krekt wat te opfallend. Dus hie ik yn in bocht de riem al fêst omdien, dat is better foar it saldo, mocht it al op skriuwen oankomme.

O, sa fatstoenlik, dit hearskap. Frege netsjes om it rydbewiis, en dat hie ik ek noch by my. Wer minder jild kwyt.

En dan komt de Andries Knevelfraach: 'Witte jo wol wêrom ik jo oan de kant set ha?' Freeslik. Fansels wit ik wol dat ik mei goed 80 oer de Hegewei riden bin. Ik bin net blyn! En dat ik wolris ferjit om rjochting oan te jaan wit ik ek wol. Mar as der oars gjin hûn op de dyk is, fyn ik dat oerstallich, en sparje myn pitsjes yn de rjochtingoanwizers.

'Dat mei net,' sei er. Al wer gjin nijs. Wylst it swit my ûnder de earms brobbelet, net fan eangst, mar omdat dy film op RTL al hast in healoere dwaande is, tink ik: Kom ta de saak! Wol of net bonskriuwe!

Fansels wie ek dit kear myn glêde praatsje rom foldwaande. Krekt as in wike as wat earder, doe ha'k sein dat ik krekt in 'melding fan overlijden' te ferwurkjen krigen hie. Dat wie ek sa. Mar dat ha'k sa faak, no?

Goed njoggen oere wienen we thús. Junior hie wat om oer te rabjen.  

Reacties

Populaire posts van deze blog

Friese media voeren koerswijziging door

Artificial Intelligence brûke as moreel kompas

Russen