Dartpylkje kwyt, in trauma

Saken kwytreitsje past net by my. Ik ha der freeslik de pest en in hekel oan. Sa ha ik in bûsknyft, hast oan de ein, trochdat er sa faak slipe is. Dat jout my in goed gefoel. In oankeap dy't lang en goed brûkt is.

Dit sit yn de famylje. Djip, mei ik wol sizze. It ferhaal oer in wetterpomptange, of kombinaasjetange dy't noch earne yn in stik lân lizze moat, sil faak fertelt wêze, en noch ha je it smoar der oer yn. Want dy tange wie noch net ôf, dy hie noch jierren tsjinst dwaan kinnen, hie de baas mar net sa dom west om... No, ja, jim snappe it wol.
Eltse kear as je yn de buert fan sa'n plak binne wêrfan't je witte dat er dêr lizze moat, ha je oanstriid om dochs noch in kear te sjen oft er net foar it ljocht komt.

Ien fan de trauma's dy't ik ha, giet oer in dartpylkje. In jier as wat lyn op in bernefeestje hat ien fan dy domme jonkjes (froulju smite net safier) in pylk sa ûnderhelle dat er net mear te trasearjen wie. Ik bin der wis fan dat er op in oerflak fan rûchwei tsien kante meter yn in beam of op de grûn lizze moat. En ik ha der om socht, sil ik jim sizze. Mar fine? Ho mar.

Je soenen sizze, helje in pear oare dartpylkjes, en ferjit dy iene. Myn oplossing: ik ha it dartboerd fan de wand raamd, en bin net fan plan ea wer in pylk op myn eigen dartboerd te smiten foardat ik dy pylk fûn ha. Ik sil dus nea wer darte.

Reacties

Populaire posts van deze blog

Friese media voeren koerswijziging door

Artificial Intelligence brûke as moreel kompas

Russen