Boekfersnipperje?

'We zien natuurlijk allemaal dat er bezuinigingen nodig zijn.'

O. Is dat sa? Dizze deadwaner hearre je in soad de lêste tiid. Wa hat der sa'n potsje fan makke dat 'we' troch de beliedsmakkers sa'n brainwash oer ús hinne krije dat we it ek noch leauwe?
Soe Jan, Piet of Klaas, dy't gewoan moarns om sân oere it hûs út stappe en in foech njoggen oeren letter wer binnenkomme dat op har gewisse ha? Ik dacht het niet. Dy merkbite it oars net as troch de hegere prizen dy't se foar in pakje tabak en de oare boadskippen betelje moatte. Foar it oare binne se oan it wurk, as dat harren troch it regear noch gund wurdt. As dat net sa is, komme se yn de WW, of slimmer, yn de bystân. No, dan binne je mei de VVD yn de prizen. Of krekt net, dus.

De partij fan ús frijfeint Mark hat neat mei dizze stumperts. No't foar it earst yn lange tiid dizze strikkenklup mei in kikkert yn de hals de grutste partij is, komt it wiere hufterige aard fan de hearen en dames oan it oerflak. En dat is efkes skrikke. Ik mei hoopje dat it elektoraat net wer yn de ferkeaptrúks fan dit soadsje trapet, want dan binne we noch fierder fan hûs. Se meie bêst yn it regear, mar net as grutste partij. Dan krije je dit.

Doe't de formaasje oan de gong wie, en Wilders meiprate mocht, ien dy't allinnich fanút it ûnderliif polityk bedriuwt, wie ik der wol bang foar. Mar ik fyn it sa ferhipte nuver dat ek de gemeentes 'trendvolgers' lykje te wurden. Juster lies ik earne dat je der net frjemd fan opsjen moatte dat bygelyks it lêzen aanst wer foar de elite is. Krekt as eartiids. Skieding fan macht en de wurkflier. It domme folk bodzje, de (smelle) boppekant de sizzenskip.

No wienen der jierren lyn gjin kompjûters, gjin ynternet en mear, dus salang't de minsken de stroomrekken noch betelje kinne, falt dat miskien wol wat ta. Mar it is in faai teken dat de kar makke wurdt om bot it mes te setten yn alles wat ús lân makke hat oant wat it no is. Us kultuer. Alles draait om jild, en dêr hat de VVD nea genôch fan, jo moatte dy fette leanen fan de toppers wol opbringe. Dus: alles wat nei links rûkt, it mes. Harry Mens mei syn promospot wol hâlde, syn gasten keapje harsels yn de show. Dy kant moatte we út. Minsken dy't allinnich mar oer winst en noch mear jild prate. Dat binne de mantsjes en wyfkes dêr't we echt wat oan ha.

Earmoedebelied. Dat is it. Materieel boppe Jan, geastlik sa leech as de ponge fan Jan, Piet en Klaas. Sauna-uitjes en kursus flirten foar amtners. Hahaha, wat binne we goed dwaande, net?

Wat soenen se eins dwaan mei al dy boeken dy't los komme by it tichtsmiten fan de iepenbiere lêssealen? As ik de VVD wie, soe ik der mar gau in needwet foar ynelkoar spikerje. Fersnipperje dy brot. Komt neat gjin goeds fan, dy lêzerij. Oan it wurk jimme domkoppen, belesting betelje. Oars falt Mark syn kaartehûs om.

Reacties

Populaire posts van deze blog

Friese media voeren koerswijziging door

Artificial Intelligence brûke as moreel kompas

Russen