Asbest

De sloop fan âlde winkelgebouwen oan it Riedhúsplein yn Drachten rint seis wike fertraging op. Yn de gebouwen sit folle mear asbest as tocht. (OF)


Ja, ja. Dit stjonkt fansels oan alle kanten. Boppedat komt it my bekend foar. Wie it mei de sloop fan de parkeargaraazje op it Saailân ek net sa dat der 'samar' folle mear asbest yn siet as 'tocht'? Tocht? Wat no tocht. Der binne minsken mei in soad ferstân fan saken troch dy gebouwen west, en dy ha it saakje oannaam. Dy minsken ha sa'n ferstân fan saken dat se gemakshalve mar efkes in flut asbest oer de kop sjogge, dy post kin aanst moai ûnder 'ekstra' ynboekt wurde. Sa tinke se. As we de klus earst mar binnen ha, de gemeente past wol by, ju. Neat te rêden, it wie och sa gesellich op de nijjiersbuorrel. 


Ien fan de oarsaken fan de oerskriedings by grutte bouprojekten: hebbe hebbe hebbe. En wa mei foar dy 'ekstra'  asbestkosten opdraaie? Bonnema syn foai is allang 'verdampt', en sa sil it yn Drachten ek gean. De kosten rinne razend út de klauwen, mar o, wat is dy wethâlder aanst bliid mei it rissultaat as er nei de safolste resepsje einliks it lintsje trochknippe mei. 


Wy wurde oan alle kanten besoademitere, mar dat heard sa. Us fergaderboer waard in boef neamd op syn ôfskie, en se wienen it der allegearre mei iens. 'Lit him mar moai sa bliuwe,' sei ien. Se wienen der noch grutsk op ek. No, ik net. Minsken dy't it net al te krekt nimme mei de wierheid as it om it 'gruttere plan' giet, en sneins foaroan yn de preek sitte, binne by my net in knip foar de noas wurdich.  

Reacties

Populaire posts van deze blog

Friese media voeren koerswijziging door

Artificial Intelligence brûke as moreel kompas

Russen