Topkok

It liket my net sa'n rare keardel, dy Poldervaart. Fanatyk, dat wol. Mar dat is yn syn fakgebied in pro. Hjir yn it doarp ha we ek in restaurant, en dy kok is ek altyd dwaande mei nije dingen betinke. Moai om te sjen. Inkelt stap ik wolris troch de doar, as ik te rinnen bin. (sûnder hesje, mar dat wisten jimme noch wol, no?) Der is altyd fan allles oan de hân yn sa'n keuken, it is my in riedsel hoe't se it klearspylje om it goede iten op de goede tafel te krijen. Elts syn ropping.

Wethâlder yn Hârns, soe dat ek in ropping wêze? Ik tink dat Poldervaart him de lêste jierren bûnt en blau ergere hat. Hy wol foarop bliuwe, is sakeman, en fynt dat er te min romte hat. Dus stiet der in gebou, dat past yn syn takomstplannen. Mar dan komt it. Wethâlders ha net te meitsjen mei de faktor tiid. Seit harren gjin bliksem. Poldervaart wol. As de earpels of it fleis twa tellen te lang op de kachel steane, hat er it smoar yn.

Twa tellen yn it wethâlderskip? Gaaaaap. Behalve as se yn Poldevaart syn tinte komme te iten, en dat al sa faak dien ha op ús kosten, dat se der hast in bytsje ferstân fan krije. 'It fleis is wol wat overdone.' Soest út dyn fel springe as topkok. Tusken de rigels troch kinst lêze dat Poldervaart dat ek dien hat. Dus fuort mei de brot. Punt.

No hat er dat ek mar yn it nijs brocht. Op in fatsoenlike wize, alle respekt dêrfoar. Mar it hie net mochten fan de lange teannen yn it gemeentehûs, hy krige juster it leksum opsein. Alle reden om dy twadde tinte fan him ek ticht te donderjen, en út Hâns wei om der nea wer te kommen? Wy sille it ôfwachtsje.

Miskien kin er by de Headamsbrêge de keet wol keapje, of op de Feanhoop. Soe yn de reklame ek goed bekje: POLDERVAART AAN HET POLDERHOOFDKANAAL.

Reacties

Populaire posts van deze blog

Friese media voeren koerswijziging door

Artificial Intelligence brûke as moreel kompas

Russen