Religieuze strapatsen

Mounir El Hamdaoui is noch net genôch... Ja, wat eins? Se sizze dat er in seare hamstring hat. Dat is in goede útflecht om net op de bank te sitten. Want dat wol it grutske jonkje net. Hy fielt him yn it krús taasten troch de nije trêner fan dy klup út de Hoofdplaats. En dat kin er net sette. Want jo binne in man, dat is yn de kultuer fan Mounir al in pre, boppedat tinke jo, dat as jo mar eigenwiis genôch dogge, dat de trêner net om jo hinne kin.
Lit dy trêner no in polderjonge wêze. Dy is sa dom dat er net sjocht hoe't er Mounir lyts makket. En ja, dat kin Mounir net oan. Dy is ferheven boppe alle twivel, man, en grutsk.

No ha ik my altyd ergere oan de wize wêrop't er in goal fierd, dat om de holle waskje, neat foar my. By AZ67 spile eartiids Kurt Welzl, in Eastenriker. As dy in goal makke, en dat die er nochal faak, stuts er efkes de wiisfinger op, en hupsakee, fierder mei de brot. Sjoch, dat is genôch. Om my de balle fûst omheech, leafst nei it útfak, mar net dat religieuze ynstudearre mislikmeitsjende gedoch as je in bal yn it netsje skoppe. Sa bysûnder is dat no ek wer net.

En as alles goed is, binne se yn de himel net partidich. Dus hat de grutte baas der gjin hân yn as jo foar hokker klup dan ek in goal meitsje. Der is safolle ellinde yn de wrâld, hy hat it drok genôch, liket my.    

Reacties

Populaire posts van deze blog

Friese media voeren koerswijziging door

Artificial Intelligence brûke as moreel kompas

Russen