Kaartsje en de jittikmigers

As jo nei it hok rinne en de kat stiet al te wachtsjen en snoarret as jo him brokjes jouwe.
As de guozzepyk mei help fan in skepnet fan in wisse dea rêden wurdt.
As de hinnen noflik in stofbad nimme.
As Sytske de geit mei twa poaten op it hearip springt en jo om de hannen slikket.
As jo heit thúskaam is út it sikehûs.
As de post in kaartsje troch de bus smyt.
As dat kaartsje fan minsken is dêr't ik noch nea in wurd mei wiksele ha.
As dy minsken skriuwe dat se mei bjusterbaarlik genoegen jo âlde en jo nije boek lêzen ha.

Sjoch, dêr dogge jo it foar. Lit de jittikmigers mar mige, myn dei is goed.  

Reacties

Populaire posts van deze blog

Friese media voeren koerswijziging door

Artificial Intelligence brûke as moreel kompas

Russen