Gjin ferlet

Gelokkich, de plysje is wer berikber. It skynt sa west te wêzen dat se in dei as wat min te berikken wienen. Steuring yn Grins, of sokssawat.

Ik ha se net mist. Ien kear yn myn libben ha ik mei de plysje belle, dat wie doe't myn frou har splinternije fyts meinaam wie troch immen dy't it ek in kreas fytske fûn. Of ik mar oanjefte dwaan woe, dat soe it bêste wêze. No, dat ha'k doe dien, en bin daliks op syk gien nei krekt sa'n fyts. Dy ha ik kocht yn Twente, flak foar de bekerfinale tusken de SC en de Tukkers. Kinne jim neigean hoe âld dy fytsen al wer binne. Se dogge it noch bêst.

Ien en oar seit dus dat ik foar gjin kwartsje betrouwen hie yn de mooglikheid dat 'se' myn frou har fyts werom fine soenen. En dat kloppe as in seare poat. Nea wer wat fan 'harren' heard. 112 is foar my de brânwacht en de sikeauto, plysjes ha'k gjin ferlet fan. Kin om my wol flink yn skrast wurde. Animalcops? Populistysk gejeuzel. Fuort der mei. As Nederlân oer in jier as wat wer in gewoan middenkabinet hat, binne dizze helden gau fan it toaniel ferdwûn.

Jo moatte ek wol fan in nuver soarte wêze, oan de kant fan de dyk stean te wachtsjen oant je immen sjogge dy't eat net goed docht, en dan sa fluch mooglik dyselde fan de wei helje om him as har mei in gewichtich gesicht in bon út te skriuwen. Ik soe der gjin oanstriid ta ha. Mar ik bin ek net bot narre doe't ik lyts wie.

Reacties

Populaire posts van deze blog

Friese media voeren koerswijziging door

Artificial Intelligence brûke as moreel kompas

Russen