Gewisse

In dei as wat lyn hie ik it der oer dat plysjes in apart slach wêze moat. Juster wer in foarbyld dat myn miening sterke.
Se hienen it oer fûgels dy't eins frij yn it fjild en de beammen sitte moatte, mar ek yn koaien by minsken thús bedarje. In ljip yn de foljêre. Idioat fansels, mar der binne minsken dy't dat aardich fine. Dy ljippen krije faaks mear te fretten dan harren frije soartgenoaten, maar dit terzijde.

No 'moatte' wy daliks belje mei de plysje as we sjogge dat buorman in ljip of in ûle yn de tún hat. En doe kaam it. 'Er zijn mischien ook mensen die er moeite mee hebben om hun buurman aan te geven, maar ze kunnen het in dat geval ook anoniem doen.'

De bek foel my iepen, echt wier. Stel jo ha krekt buorman der by lapt, komt er in dei letter om te sizzen dat se syn ljip meinaam ha. En dan? Mei in earlik gesicht sizze: 'Wa hellet it no yn de holle om soks oan te jaan!'

Hokker folk is it dat jo min ofte mear ferplichtet om soks te dwaan? It bliuwt my fernuverjen. Krekt of is it gewisse útskeakele as je immen anonym yn de sek naaie. Dat makket foar my neat út. It seit in soad oer hoe't de beliedsmakkers it lân foar har sjogge. Klikklikklikerdeklik. Eartiids op de legere skoalle mocht dat net fan de masters en juffen. De tiden feroarje. Net ten goede.

Reacties

Populaire posts van deze blog

Friese media voeren koerswijziging door

Artificial Intelligence brûke as moreel kompas

Russen