Eksamenseks

By de Omrop wie hjoed oandacht foar de stress dy't de eksamens mei har meibringe. Fansels binne der dan deskundigen dy't oan it wurd komme.

Se prate yn it generaal net Frysk, en ha oplossings. Biedwurden tsjinwurdich binne: Leuk, Genieten, Ontspannen, Spanningsbogen, Belastbaarheid, Sociale media en noch in pear, mar dy bin ik efkes kwyt.
Leuk. Alles moat hjoed de dei foaral Leuk wêze. Dat fynt de presentator ek, dus giet it al gau oer hoe't je mei sa min mooglik ynspanning it papierke helje kinne.

Blokke? Nee, net goed. Tsien minuten kin in geast stof opnimme, dêrnei is it tiid foar wat leuks. Efkes de sinnen fersette. In lachfilm, sei it minske. Of seks, ek goed foar de ûntspanning. Mar foaral net te drok dwaande wêze mei it eksamen. Hielendal ferkeard.

Dit minske sil der foar trochleard ha. Dus: tsien minuten yn it oere wurkje, langer kin de geast it net oan. De rest fan de tiid leuke dingen dwaan. En dêr fertsjinnet se ek noch jild mei. Leuk is dat.

Ditsoarte minsken libje no, en yn in ryk lân, en dat is mar goed ek. Want fertel se dit yn Amearika mar. Se laitsje dy út. If you don't work, you don't get paid. We kweke sêfte sieltsjes, dy't as se in skeet dwers foar it gat ha de saak derby sitte litte. Sjoch, de tiid fan de swipe, plak en it reidsje is gelokkich foarby, mar der is neat mis mei om sa no en dan druk of stress te fielen. Dat foarmet jo. It libben is net allinnich mar LEUK. Bern dy't sa grutbrocht wurde skrikke harren aanst de wit ik wat as der eat net Leuk is. Dêr kinne se net mei omgean, want alles moast dochs Leuk wêze? Dus geane we der ek fan út dat alles Leuk is. Want dat sei dy dame, het moet vooral Leuk zijn. Zoek het grote Leuk in het leven.

Ik ha myn eksamen helle. Net mei Leuke lachfilms, Leuke seks, Leuke enerzjydrankjes of Leuke oare dingen. Nee, gewoan leare. En nei it eksamen wie der tiid foar wat Leuks. Bier of sa. Patatsje oarloch, ek Leuk.

Reacties

Populaire posts van deze blog

Friese media voeren koerswijziging door

Artificial Intelligence brûke as moreel kompas

Russen