Drachten kultuerdoarp?

Sûnt wy yn de gemeente Smellingerlân (sis mar net Drachten) wenje, lês ik de Drachtster krante. Ek de Aktief, en it propagandakrantsje fan de gemeente. Drachten wol him as har, ik wit net oft in doarp no froulik of manlik is, graach as kultuerplak hearre litte.

As ik it goed ha, wennet Arjen Terpstra hjir ek yn de buert, en miskien noch wol in soad oaren dy't wat mei skriuwen ha. Ik ha nea in foto fan It Eagleton segel yn de Drachtster sjoen.

Yn it Feen lêze se de Koerier, en dy krij ik dan ek noch wol ûnder eagen. De Drachtster stiet nea wat yn oer nije útjeftes, de Koerier hie in heale side mei Rêdbâd, Skoaljonge en It dak fan de wrâld. Deselde advertinsje dy't ek yn de Ljouwerter stiet.
Drachten lit it der by sitte, wat dat oanbelanget. Ik wit net wa oft de ynhâld fan de Drachtster ûnder syn as har bewâld hat, mar dat dogge se dus op oare plakken oars as hjir. Jammer.
Ik miende dat yn Drachten de boekhannel siet dy't it measte Frysk proaza ferkocht. Dat mei in prestaasje hjitte, want út de Drachtster krante komme de minsken net te witten wat der te keap is. It sil grif net belangryk genôch wêze, jo kinne better 13 miljoen yn de Lawei pompe, dat bylket mear.

Reacties

Populaire posts van deze blog

Friese media voeren koerswijziging door

Artificial Intelligence brûke as moreel kompas

Russen