Cho Oyu

De turquoise godin. Seit jimme faaks neat, mar it is in berch. Ien fan de 8000plus bergen, om krekt te wêzen 8201 meter heech. De grins fan Tibet en Nepal rint oer de top. Net fier fan de Mount Everest, it slotstik út It dak fan de wrâld.

Omdat ik dêr wat mei ha, falt it dus op as jo lêze dat Ronald Naar dêr om it libben kaam is. Ien fan de personaazjes yn It dak fan de wrâld hjit Roland Minnesma, ien kear riede wêr't ik dy namme wei ha. Ronald Naar wie ien fan de grutte boarnen fan ynspiraasje foar myn twadde roman.

In tige betûft klimmer, en krekt as 'myn' Roland, net in maklik man. Mar wol immen dy't syn team stjoere koe. Guon dy't It dak fan de wrâld lêzen ha, sille it daliks werkenne.

Op de weromreis nei in leger lizzend kamp is er net goed wurden, en daliks ferstoarn. De measte ûngemakken by it klimmen barre op de weromreis, wer in iepen doar út It dak. So be it.

Betwinger fan de heegste bergen fan de wrâld, hy is stoarn op it plak dêr't er daliks foar tekene hie as er it útkieze mocht, sa tink ik deroer. 56 jier jong, dat is oan de betide kant. Mar hy hat mear sjoen dan ik ea sjen sil.

R.I.P

Reacties

  1. Nei ’t ik “It dak fan de wrâld” lêzen hie, wist ik wat mear fan it bergbeklimmen, ek al kin ik my net goed begripe dat it guon sa yn ‘e besnijing hat dat se d’r werklik alles foar litte wolle en alles op alles sette om dy bergen mar te betwingjen. Ik wit net hoe asto dyn research dien hast, mar de beskriuwingen fan dy beklimmingen kamen tige echt en leauweardich oer, dat is hiel knap dien. Krekt as asto d’r sels by west hast. Dat fûn ik dan ek it boeiende oan dyn boek. Al mei al rekke it my dus doe’t ik hearde dat Naar ferstoarn is op in berch, op ´e weromreis noch wol.

    BeantwoordenVerwijderen

Een reactie posten

Populaire posts van deze blog

Friese media voeren koerswijziging door

Artificial Intelligence brûke as moreel kompas

Russen