Brief

Soms krije jo wat ûnder eagen dat jo daliks pakt. It sil wol in ôfwiking wêze, mar ik sit der mar mei.
It is in brief. Fan in bekende, dat ek noch. En dat brief seit dat der in ferhaal ferteld wurde moat. Of koe. Dêr wol ik noch efkes ôfwêze.
Mar it is wol nijsgjirrich. Oan de oare kant, der is al safolle skreaun oer it ûnderwerp, sit der immen op nòch in ferhaal te wachtsjen. Dêr moatte jo je neat fan oanlûke fansels, as it in goed ferhaal is.
De kommende tiid mar besykje om stadichoan hjir en dêr wat prikken yn it wurk te setten om krekt wat djipper yn de matearje te dûken. Sjen oft it wat wurde kin.

Ien ding sit ik wat mei, der sil ek famylje yn meispylje. En oft dat in ferstannige set is, dat kinne jo betwivelje.
De kearside: oer de deaden neat dan goeds, en de haadrolspiler is al jierren wei. Foarsafier't ik no besjen kin, wie syn part yn it ferhaal sa, dat ik it op dat punt (brrr) wol oandoar.

Reacties

Populaire posts van deze blog

Friese media voeren koerswijziging door

Artificial Intelligence brûke as moreel kompas

Russen