Wyldspegels

In stikje nostalgy yn it nijs hjoed. Yn noardeast Fryslân komme wyldspegels by de dyk del. Dy dingen binne al hiel âld. Eartiids yn It Wâld stienen se ek al, en dan ha'k it wol oer tweintich jier tebek.
Dat se net wetterticht wurk leverje kin ik sjen as ik oer it skouder sjoch. Yn myn riante kantoar (lês hokje) hinget in opstoppe bist. Ik bin net sa foar datsoarte saken, mar dizze mei bliuwe. It iikhoarntsje dat oan de wand hinget, ha'k sels deariden. Dus as in soarte fan trofee hinget er hjir no.
It ferhaal derefter is sa: as je op it fuottenein wenje, is de bakker in ein fuort. Dus waard der wolris in fersyk dien oft ik bôle helje woe. Dat woe ik wol, mar dan yn de auto. Heit syn swarte Ascona. 16 jier, gjin papierke, machtich.
Under melken hurd hinne-en-wer. No, toe dan mar, wie faaks de reaksje. En doe kaam ik him dus tsjin. Ik seach hoe't er ûnder de auto fleach. De learaar biology hat him opstoppe. Mar wat ik der mei sizze wol, wyldspegels keare wol wat, mar net alles. Dizze iikhoarne is de stille tsjûge.

Reacties

Populaire posts van deze blog

Friese media voeren koerswijziging door

Artificial Intelligence brûke as moreel kompas

Russen