Greidefûgels

Noflik hear, sa'n dei op it eilân. Wol frjemd, oan de seekant koest gjin hân foar eagen sjen, en de waadkant wie it ien stik sinne. Seedampen, soe Pyt sein ha.
Der is my noch wat opfallen. Dat it droech wie, mar dat is it hjir ek. Nee, wy fytsten fan de Ballummerbocht nei Nes. Yn de loft boppe it waad skriezen, en oer de dyk saaide de iene nei de oare ljip. Dat ik oer it talúd hinne en oan de polderkant fierder. Ik seach my de eagen út. Hast op eltse eker siet in âld hij op wacht, wylst hjir yn de omkriten it fjild leech en dea is. Foar safier't ik wit ha se op Amelân gjin foksen, en ek it oantal swarte krieen liket lytser dan oan it fêste lân. Dy ljippen ha it dêr bêst. Rûge hynstedong en foaral, gjin foksen.
De beskermhilligen fan Reintje soenen de situaasje dêr en hjir mar in kear tsjin it ljocht hâlde moatte. Want ek op it Amelân is jarre mei de nije metoades, en o skrik, dêr binne wol fûgels, hjir net. De foks en de swarte krie sille it fjild romje moatte, oars is Amelân aanst ien fan de lêste plakken dêr't je in ljip sjen kinne.

Reacties

  1. Do hast folslein gelyk wat de foks en krie oangiet. Mar gelokkich ha wy hjoed yn de greidhoeke wol de nedige skriezen, tjirken, ljippen en strânljippen sjoen en heard. Miskien wiene d'r eartiids folle mear, ik wit it net, mar it wie net stil. Je hert giet iepen fan alle lûden, fan al de prachtige, noch net meande, griene greiden en dat skitterende giel fan de hynsteblommen

    BeantwoordenVerwijderen

Een reactie posten

Populaire posts van deze blog

Friese media voeren koerswijziging door

Artificial Intelligence brûke as moreel kompas

Russen