De dag na morgen

Twadde peaskedei, moai waar. Wat dogge je dan? Dizze kear op oantrunen fan in goede bekende mar in boek lêze. Allan Folsom. Dy namme hat in heech Cash gehalte. In tsjok boekje, rûchwei 600 siden. Foar my is dat in middei en in jûn flink trochstampe, dan kin er wer yn de kast. De thriller fan de jierren 90, stekt Ludlum nei de kroan, sa stie op it omkaft.

As earste: it lêst as in trein, oars hie ik it noch net út hân. In soad pesonaazjes, en, belangriker, hast op eltse side ien dy't om hals brocht wurdt. Op it lêst glimkje je deroer, trije siden sûnder in deade is bysûnder. Wa't der allegearre deagien binne? Ik ha gjin flau idee mear, en it is krekt tsien tellen lyn dat ik it út ha. Mar de dea slacht foar master op, sa is it wol. Folsom hat it plot flot skreaun, mar botte logysk en te leauwen is it net. In ploegje nazi's dy't stikem trochgean mei de opbou fan Dútslân neidat Hitler dea is, troch minsken dy't noch better en mear ferstân ha dan dêr't Adolf ea op rekkene hie? It is moai beskreaun, mar ik leau der gjin bliksem fan. Hollen fan minsken op it absolute nulpunt ynfrieze en dan letter op in jong lichem plantsje sadat de 'goede' eigenskippen fan de nazi's bewarre bliuwe? En in keardel fan 80 jier dy't mei syn foarkommen in trochwintere Russyske hiermoardner yn de broek skite lit fan eangst? It sil wol.
Spannend skreaun, geweldich. Mar om no as hichtepunt ien opnij belibje te litten dat er de holle fan Hitler oer de rane fan de Junkfrou kiperjen sjocht, yn ynfêrzen tastân, dat dan wol wer, liket my wat fier socht. Boppedat: wie Switserlân net neutraal yn de twadde wrâldkriich? Hoe ha se it dan klearspile om ûnder in Switserske berch ien fan de wichtichste tunnelsystemen yn De dag na morgen te meitsjen?

Reacties

Populaire posts van deze blog

Friese media voeren koerswijziging door

Artificial Intelligence brûke as moreel kompas

Russen