Ynsest

Sitte je rêstich yn de sinne op it terras, ha je dat wer. In slim gefal fan ynsest. Foarrich jier krige ús mei in konstant min sin segene kat twa jongen. In swart wyfke en in reade boarre. (gjin ferwizing)
No, jim fiele it al oankommen. Niis wie it safier, en wat moatte je deroan dwaan? Omdat wy oan in drokke dyk wenje wol der noch wolris in kat ûnder de brede tsjillen fan in jarretenk ferdwine, dat steryl meitsje is my tefolle drokte, de oare deis lizze se as platte stikelbargen op de wei, sille je altyd sjen.
Dat swarte katsje wie der oars noch net oan ta, like my. Sy hie noch wol in jier oerrinne kinnen, is noch wat rûpsk. Mar dêr hie har broer gjin boadskip oan, dat no mar sjen wat der útkomt.
As it mar net sa giet as mei dy kanarjes dy't Doede Bleeker besjongt yn syn switsokken. Fiif poaten en de earen op de rêch, de sturt as snút of twa koppen?
Ik ha ek al gjin molkbus mear... 

Reacties

Populaire posts van deze blog

Friese media voeren koerswijziging door

Artificial Intelligence brûke as moreel kompas

Russen