Website

4-2 ferlern yn Almelo. Ik hie der yn it foar al net al te folle betrouwen yn, en dat kaam dus út. Trije, fjouwer treners fersliten en gjin punten.
Miskien moat de SC ris begjinne om harren webside wat flotter te meitsjen. Dy is like dreech as dikke stront, krekt as it âlvetal. As ik in side oanklik, wol ik dat er daliks iepenet, ik wol net nei in grien balkje loere dat stadich, hiel stadich, grutter wurdt. En net sizze dat it oan myn kompjûter leit, by de measte siden is it daliks plop, en klear. Mar dy fan de SC is net te leauwen.
Ik fiel my wol wat besoademitere as ik earlik bin. In seisoenkaart keapje en nei trijekwart jier al neat mear om foar nei in stadion te gean. Dat is beskamsum foar in klup mei dizze begrutting. Je wurde der moedeleas fan, sei ús oanfierder. Wat tocht er fan dy 26000 dy't dy earmoede eltse kear wer oansjen moatte?
Ik ha al net safolle mei de simmer, mar no mei er om my daliks wol oer wêze. Dan hoopje ik dat der in better, jonger en hongeriger âlvetal yn it fjild stiet. Guon dy't it gers opfrette wolle. En dat nei in wike as wat yn it nije seisoen de klups wer mei in brune streek yn de broek nei it Fryske Haachje komme, omdat se wol yn de gaten ha dat dêr neat te heljen is, mar deabenaud binne dat se te kak set wurde en mei fiif, seis nul de bus wer yn moatte.
In minske moat wat ha om oer te dreamen. Steve McLaren is ek noch frij.

Reacties

Populaire posts van deze blog

Friese media voeren koerswijziging door

Artificial Intelligence brûke as moreel kompas

Russen