Tryste dei

Fannemoarn gienen se fuort. Ik kin it hearre oan it lûd dat se meitsje. De guozzen binne fuort. Nei Letlân, Litouwen en Ruslân ta. Ik koe se net iens sjen, der hong in tsjokke laach wolken oer Drachten, mar ik wit dat ik se wer in lyts healjier misse moat. Se melden har wol netsjes ôf, mar leaver hie ik se gean sjoen.
No komt de simmer mei alle ûnsin dy't dêrby heard. Foar de measte minsken de moaiste tiid fan it jier, mar net foar my. De guozzen binne der net, en dat fielt net goed. Fansels bliuwe der ek wol guon de hiele simmer, mar dat binne de losers ûnder de guozzen. Echte guozzen fleane nei fiere lannen om dêr te brieden, hjir net. En dy litte my dus efter.
Wie it mar wer hjerst. Dan stean ik moarns altyd efkes bûtendoar te harkjen, en myn hert makket dan in spronkje as ik se foar it earst wer hear. Dan begjint foar my de moaiste tiid fan it jier, de winter.
It is hjoed in tryste dei, de meast tryste dei fan it jier. Se binne fuort.  

Reacties

Populaire posts van deze blog

Friese media voeren koerswijziging door

Artificial Intelligence brûke as moreel kompas

Russen