Trinus

Trinus hie in hekel oan my. Net dat er my koe, teminsten net dat ik wit, mar dochs hie er in hekel oan my. Ik koe him ek net, mar dochs. Ik ha in kear yn in stik fan him lêzen dat er my net moast. Omdat ik in soan fan in boer bin. En dêr hie er neat mei. Mar hy koe my net, en ik him net. Miskien hienen we wol in goed petear oer syn hûn ha kinnen, mar it is der net fan kaam, omdat ik genetysk net yn it profyl paste fan lju dy't er mocht.
Ik hie, doe't ik noch nea fan Trinus heard hie, in sticker mei De Boer Is Troef op de stoel fan myn lytse Cormick 214 plakt, dat sil er ek wol neat fûn ha.
No wurdt de kommende tiid in soad praat en skreaun oer wat er allegearre dien hat. Terjochte. Mar hy mocht my net lije, wat moat ik dêr no mei?

Reacties

Populaire posts van deze blog

Friese media voeren koerswijziging door

Artificial Intelligence brûke as moreel kompas

Russen