Teambuilding

De nije steateleden sitte dit wykein op Flylân. Om meielkoar yn de kunde te kommen. Dat skreau ús fergaderboer út Hartwert op twitter. Gewoanwei soe ik dêr oerhinne lêze, mar no net. De fraach wa't ditsoarte snobbersreiskes betellet stel ik mar net iens, dat is my troch de jierren hinne wol helder wurden. Wêr't it my om giet is dat der tiid genôch is om mei elkoar yn de kunde te kommen, boppe-dat ha dyjinge op de list fêst al ris oan harren freonen 'snuffele', oars wienen se net troch de ballotaazje kaam.
Yn myn romrofte ferline as wurknimmer ha ik in kear as wat dielnimmer oan sa'n oerstallich wykein west. It kaam del op in soad gapjen en hoopjen dat it gau oan de drank ta wie, de stof dy't besprutsen waard wie net troch te kommen. Sloffen sigaretten waarden der fuortpaft, en dy sprekkers mar eamelje oer teamgeast en mear fan datsoarte klisjees.
Hotel Zeezicht. Dêr sitte se, en miskien binne der op jim kosten noch wol in oantal etabliseminten ôfhierd. No mar hoopje dat dy tsunami Flylân net oandocht, oars moatte we wer nei de stimbus omdat it foltallige regear fan de moaiste provinsje fan Nederlân as rotten fersopen is, wylst se krekt meielkoar yn in yogagearkomste dwaande wienen om op de juste wize de oanwêzigens fan de PVV in plakje te jaan.

Reacties

Populaire posts van deze blog

Friese media voeren koerswijziging door

Artificial Intelligence brûke as moreel kompas

Russen