Sneonswurk en homomoetingsplakken

It hoekje bou is wer om. In flut hinnestront der ûnder en skylk wer beantsjes en ierpels yn de grûn. Datsoarte wurk ferset de sinnen wat. De rabarber komt al wer boppe de grûn út.
Boppedat sieten de hinnen ûnder de luzen, dat dy ha hjoed yn bad west. Tryst gesicht is dat, der bliuwt neat fan oer as se wiet binne. Mar it is foar harren in útkomst, se waarden omtrint leechsûge troch dy aaklige bistjes. Dêrnei de hokken skjinmakke, dat alles liket wer skjin en kreas. Oer fjirtjin dagen rattelje de aaien der wer út, hoopje ik. No noch sjen dat ik in oare hoanne krij, en dan piken útbriede. Jonge geiten sit der net yn, ik krij in hekel oan de rompslomp dy't dêr by heard. Hobby wurdt je hast ûnmooglik makke troch de oerheid, dy't alles witte wol. Eartiids wienen bokjes foar in hanneler dy't gjin fragen stelde, mar dat is net mear sa. Earmerken en steapels papier soargje derfoar dat de aardichheid der ôf is om elts jier yn de hjerst in bok oan te tugen. Dat jild ek foar jonge hoannen, mar dy kinne je hjir en dêr yn de bosk noch wol kwyt. De foksen en rôffûgels moatte ek wat te iten hâlde, is 't net sa? Wol útsjen dat je net snapt wurde, troch de plysje of troch oar folk. In jier as wat lyn liet ik ek in ploegje hinnen los, blykte dat ik in homomoetingsplak útsocht hie, djip yn de Sweagster bosken. Ik moast rinne as siet de duvel efter my oan, want der wie in soad yn joggingbroek klaaid folk dat miende dat der in nije fisk te fangen wie. Libbensgefaarlik hear, jonge hoannen loslitte. Se flokten my ek noch út doe´t bliken die dat ik allinnich mar wat âlde hinnen dumpt hie en net foar harren kaam wie. Ik seach ek noch in bekende, mar it giet my te fier om no te sizzen wa´t it wie. Hy moat sels mar út de kast komme, dat is net myn taak. Hawar, sneonswurk dus. Ik sjoch krekt dat de reade boarre in bult skiten hat yn myn kreaze stikje bou. Sil aanst sjen dat ik him op de klompe krij, dy lider. En dêrnei moat er mar wer wat brokjes ha, it is in leaf bist.  

Reacties

Populaire posts van deze blog

Friese media voeren koerswijziging door

Artificial Intelligence brûke as moreel kompas

Russen