Rotkubustyfustakkedingen

Dat ynternet hat (hast) oeral in oplossing foar. Nim no it feit dat junior in gitaar hat en dy is wol goed stimd, mar dy fan my net. Net dat ik spylje kin, mar jo wolle dochs dat it wat knap klinkt. Eartiids sochten jo dan om in stimfoarke of sa, no toetse jo online gitaar stemmen yn en hupsakee, klear is it.
IQ testen steane der ek by it soad op it web. Sjoch, stikem binne we dochs wol benijd hoe dom as we op dit stuit binne. Dus as der nimmen meisjocht gau sa'n test dwaan en dan de keuken ynrinne krekt of is der neat oan it hantsje. Dat is der fansels wol. Echt wol. Ik wol earlik tajaan dat dy optearderij fan in kubus my net leit. Sels doe't ik ien neimakke hie, wist ik it noch net. Lokkich stie der ek in test op algemiene kunde en ien mei topografyske fragen. Hè hè, dan fiele jo je wer aardich better hear. Ik mocht daliks nei de universiteit, neffens dy lêste test. Ja, heit wit wol wat de haadstêd fan Mongoalje is!
Dus dy oare test dy't in hiel oar byld joech mar gau ferjitte, en fleurich fierder mei de falske wittenskip dat it sa beroerd noch net giet. Rotkubustyfustakkedingen.

Reacties

Populaire posts van deze blog

Friese media voeren koerswijziging door

Artificial Intelligence brûke as moreel kompas

Russen