Per seconde wijzer

It is sa dat ik in hiel skoft miende de ienichste gek te wêzen dy't it die, mar der binne mear. Kees Driehuis hie in dielnimmer oan syn kwis dy't in twadde ronde sport spile. Op de fraach nei wat de man de lêste tiid foaral besjoen hie kaam er mei biathlon op de proppen. Yes! Der binne dus mear dy't fan dit spektakel genietsje. Hjoed wie it dan echt safier, de wrâldkampioenskippen út Chanto-Mansie. Wêr? No, dat leit 2000 kilometer eastlik fan Moskou, oan de rivier de Yrtish, en dy streamd dan wer út yn de Ob (puzelwurd). As je it opsykje op Earth, sjogge je in plak dat je dêr net ferwachtsje. It docht suver wat westersk oan, yn tsjinstelling ta al dy oare negerijen yn de buert.
It kommende wykein is der neist it cricket dus wer genôch te sjen, live út Sibearie. (wat ha ik dêr dochs mei?) 

Reacties

Populaire posts van deze blog

Friese media voeren koerswijziging door

Artificial Intelligence brûke as moreel kompas

Russen