Pauzemuzykje

'Dat moat ik efkes neifreegje, ha jo in momint?'
'En as ik dat net ha?'
'Dan sille jo in oare kear werombelje moatte.'
'Ik ha jo no oan de tillefoan, dus toe mar.'
En dan komt it. It pauzemuzykje. Om de neilen fan de fingers te kôgjen. Freeslik. Tolve minuten lang in minne útfiering fan Clayderman oanhearre.
'Bedankt foar it wachtsjen hear de Jong, it sit sa,'
'Mar as ik no...'
'Dat moat ik efkes neifreegje, ha jo...'
'Nee! Net wer Clayderman!'
'Wat bedoele jo, de Jong?'
En sa wurde dy soarchfersekerders dus ryk. It is gewoan harsenspiele, oant je it dûbele fan it moannnebedrach wol betelje wolle, as je mar net wer nei sa'n pauzemuzykje hoege te lústerjen.

Reacties

Populaire posts van deze blog

Friese media voeren koerswijziging door

Artificial Intelligence brûke as moreel kompas

Russen