NN

De Omrop hie hjoed immen fan Nieuw Noord yn it nijs, dy't syn gefoel oer de SC útsprekke mocht.
De beleving is net sa it soe moatte wêze. Mar tiidwurden ferkeard sizze: net ien mear dy't der oer falt, leau ik.
Hy hie it der ek oer dat it âlvetal net as in stel bline apen om de skiedsrjochter hinne stie as der in frije traap tsjin fluite waard. Dom gejeuzel. Wa pakke de measte kaarten? Júst, de klups dy't ûnderoan steane. Hiel goed dat de spilers sa reagearje, oars hie der al in fracht skorst west. Want: wy steane (hast) ûnderoan. De omrop soe der better oan dwaan om guon út it managemint fan de SC nei de situaasje te freegjen, ynstee fan populisten lykas foarsitters fan supportersklups. Trije kear winne en der is noch nea in better âlvetal west as dat der no is. Oan de oare kant, út Ljouwerter eachpunt is is ek wol lekker as it DKV in jier as twa wat minder giet, dus dan snap ik de omrop ek wol wer.

Reacties

Populaire posts van deze blog

Friese media voeren koerswijziging door

Artificial Intelligence brûke as moreel kompas

Russen