Kneppel

De hermandad hie hjoed wer in boppeslach. Se ha nei yngreven ûndersyk immen ta stean brocht dy't in kneppel yn syn auto hie. No ha ik ek in kneppel yn de auto, mar dêr skeakelje ik mei. Dy kneppel yn it Hearrenfean sil grif in oare west wêze.
De keardel sei dat er syn matten der mei útsloech. Net al te snoad. Yn in tiid dat der stofsûgers binne, traapje se dêr net yn. In freeslik gefaarlik wapen, sa lei dy wurdfierder út, en de man siet noch fêst. Sa.
As se my oanhâlde soenen mei ik wol fêst ôfskie fan de frou nimme, ik kom nea wer los. Myn boskmeaner stiet garant foar skerpe snijwûnen, mei myn blêdblazer jei ik samar in kantoar fol mei antrax, en myn knipskjirre? Gjin kul is feilich, ik snoei se der samar of, pas op. Ek ha ik noch in foarhammer om dyjinge dy't dan noch net omlyk wol de harsens yn te slaan, in pear stikken tou om se dêrnei as ôfskrik yn in beam op te hingjen. En se komme nea wat te witten, mei myn arsenaal oan skeppen en harken is der neidat ik se bedobbe ha neat wer fan te sjen.
Goed besjoen bin ik dus libbensgefaarlik. Krekt as al dy oare hoveniers, boufakkers en lju dy't yn it buske fan de baas ride. O, ja, ik ha ek noch in Friedrich Herder yn de bûse. Net sa'n goedkeape neimakke, mar in echte. Lêstendeis hie ik him ferjitten út de bûse te heljen, en siet ik as potensjeel moardner yn it Abe Lenstra stadion. De man by de yngong hat my al in jier as 20 binnenkommen sjoen, dat hy knikte my like freonlik ta as dat er alle oare kearen ek die.
In kneppel, it soe wat.  

Reacties

Populaire posts van deze blog

Friese media voeren koerswijziging door

Artificial Intelligence brûke as moreel kompas

Russen