Japan

Frijwat opportún, dy reaksjes op de troch elkoar rammele kearnsintrale. No moatte de plannen oer Borsele wer opnij besjoen wurde en smite ús easterbuorren in stik as wat âlde ynstalaasjes foarearst ticht.
Neffens my is kearnenerszjy hast krekt like feilich as fleanen. Der giet hast nea wat mis. Mar as it al mis giet, binne de gefolgen grutter as wannear't bygelyks in auto fan de wei rekket. Earne yn Ruslân (ha, dêr wie myn favorite lân wer in kear!) witte se der oer mei te praten. It koarte termyn ûnhâld is by de polityk faaks net sa goed. Doe't de sintrale yn Tsjernobyl plofte wie der ek neat oan de hân, mar hjoed de dei kinne je dêr noch altyd better net al te ticht yn de buert komme, oars rane je de eagen út de holle.
As der in fleantúch wat te gau de lâning ynset is it wrâldnijs, en sa is it ek mei dy sintrale. Terjochte. Mar we wisten it dochs wol? We libje op in tiidbom, dy't we sels makke ha.
Om no te jammerjen dat alles oars moat is wat te maklik, en past folslein yn de tiid wêryn't we libje. Hjoed in ramp, deselde dei in blik iepenje mei minsken dy't it allegearre better witte. Dat kearnenerzjy de wrâld út moat is net foldwaande, der sille earst brûkbere alternativen wêze moatte dy't fan hjoed op moarn wurkje kinne. En dy binne der noch net genôch. Yn teory, ja. Mar der steane noch gjin fabriken dy't foar de hiele wrâld stroom út wetter of lucht meitsje kinne, Dus, as we stroom hâlde wolle om op de kompjûter in tekening foar in ynstalaasje sûnder strieling te meitsjen, sille we dy ferhipte sintrales noch in hiel skoft brûke moatte.

Reacties

Populaire posts van deze blog

Friese media voeren koerswijziging door

Artificial Intelligence brûke as moreel kompas

Russen