Eagen ticht

Wy ha nei it doarpshûs west. Wol wat frjemd, we moasten no nei lofts, en oars wie it stimburo oan de rjochterkant. Ik fertink de linkse lobby fan dizze move. Mar wy steane sterk yn de skuon, en laten ons niet verhoedoeken!
Dus de formaliteiten troch west. Kaart sjen litte, id-kaart sjen litte, yn in potsje pisje foar de dopingkontrôle en doe't bliken die dat der allinnich noch wat resten fan Ibuprofen yn siet, koe it oangean. In earmoedich soadsje, binne je yn de tiid fan no wer oan it griemen mei sa'n dom potlead. Wêr binne dy kompjûters bleaun?
Hawar. Ik soe hast oergean ta it setten fan in tsjokke reade stip. It wie net drok yn it buro, dat ik tocht lit my de fleur der mar wat ynbringe, en ik sei wylst ik it potlead yn oanslach die: 'No, de eagen mar ticht!'
'Nee!' rôp it minske efter de tafel. 'We hebben ogen gekregen, dan moeten we dy ook gebruiken, ja!' En dan yn it Grinzers, hè. Op dat stuit besleat ik in proteststim út te bringen. Dat wie net it doel, mar der binne grinzen, no?
Dus ik ha net op de nûmer ien stimd, mar op nûmer 17. En net op de PVV, want ik sei niis al dat ik in proteststim útbrocht hie, en op dy útstrutsen plysjeman stimme is gjin stimmen. Hy kin krekt Maaike fan Sytse ûnderskiede, mar dan hâld it op.
Dus, ik bin benijd wat it nije belied wurde sil, allinnich jammer dat myn stim net meidwaan sil, ik ha stikem noch in hokje readmakke, of eins twa. Ik ha de B fan stembiljet ek ynkleure, dat stie sa moai. Ha der no al spyt fan.

Reacties

Populaire posts van deze blog

Friese media voeren koerswijziging door

Artificial Intelligence brûke as moreel kompas

Russen