Dûs

Joran van der Sloot, ús liger earste klas, hat it frommeske yn Peru net mei opsetsin deamakke. Nee, it wie in klassike 'crime passionnel' neffens de abbekaat. Dat immen sa'n dweil noch ferstjintwurdigje wol sil alles mei sinten te meitsjen ha, oars soe ik him lekker yn Peru sitte litte. Mar foar it earst ha se dus fêststelle kinnen dat it jonkje ta moard yn steat is. Dat is in begjin. Dêr hat er him dizze kear net útlige kinnen.
Crime passionnel wie oant noch net sa lang lyn in fergryp, dat bygelyks yn Frankryk net daliks ta selstraf hoegde te lieden. As in man de frou op de died betrape, en dat is dan letterlik, mocht er har om hals bringe. Meastal folge dan frijspraak. It troch en troch mislike jonkje wol it no sa spylje dat er spul krigen hat mei frou Flores, en har dêrom ombrocht hat. De wrâld op de kop. Sy hie neffens dy âlde wet him de kop yn slaan moatten, om dêrnei riddere te wurden.
Crime passionnel wurdt yn de USA tydlik kranksinnich neamd. Joran falt dan net yn de doelgroep, hy is folslein en altyd kranksinnich. Mar wol tarekkenber, wat my oanbelanget foar de folle 100%.
Opslute en nea wer loslitte, behalve yn de dûs. Dêr rêde se wol mei ditsoarte.

Reacties

Populaire posts van deze blog

Friese media voeren koerswijziging door

Artificial Intelligence brûke as moreel kompas

Russen