Aperots

Sa. No't eltsenien op it Ensafh feest is, kin ik noch wol efkes in bloch skriuwe.
Wy ha yn de gemeente Smellingerlân (sis mar net Drachten) dit jier nije klikobakken krigen. Kreas, hear. Twa nije. Ien foar restôffal en ien foar de kompostfraksje. Op dy bakken stiet Smallingerland. No ha ik in dei as wat lyn in foto fan de gemeentlike post op myn bloch set, en dêr stiet Drachten/Smallingerland op. In bytsje sneu foar de mantsjes boppe-op de aperots, dit ha se oer de kop sjoen. De hiele gemeente fersjoen fan klikobakken mei de namme derop sa't it heard. It is gjin geheim dat ús boargemaster in foarstanner is fan it fieren fan de namme Drachten as eyecatcher, want dat is foar alles better. Seit er.
Yn de slanke organisaasje fan de gemeente SM sa as dy yn de krante priizge waard, kin dit der dus tuskentroch slûpe. In pear tuzen kear it bewiis dat de namme fan ús gemeente net Drachten is, mar Smellingerlân. Hulde oan de man as frou dy't dit op dy bakken sette litten hat. Ik bin bang dat hy of sy yn de jierren dat Middel hjir noch omslacht, gjin promoasje ferwachtsje mei.
Eins moatte je der begrutsjen mei ha. Is it einliks safier dat se op slinkse wize op de gemeentlike belestingoanslach Drachten/Smallingerland stean ha, wurde se eltse wike troch tûzenen klikobakken mei de noas op de feiten drukt. Jammer dat dy mantsjes fan dy aperots net in wike as wat klikobakken leegje moatte.

Reacties

Populaire posts van deze blog

Friese media voeren koerswijziging door

Artificial Intelligence brûke as moreel kompas

Russen