Fergaderboer, of binne it der no twa?

Twa mienings, ien persoan. De iene miening as listlûker, de oare as deputearre. Dat is dus polityk. Om safolle mooglik stimmen te heljen dogge se oan kânsberekkening. Dat giet sa: 'Stel we litte yn dizze saak it Hearrenfean yn de kjeld stean, hoe pakt dat út?'
De stêfmeiwurker hat it al troch rekkene. 'It Feen is in read gat, dêr komme we nei de ferkiezings op werom. Skarsterlân, dêr moatte we goed om tinke, dat smiet altyd in soad griene stimmen op. En Gaasterlân ek, wat dy pear Lemsters dogge is my wol goed, mar tink om Skarsterlân en Gaasterlân, trouwe CDA stimmers, hear!'
'Okee, (sucht) mar dan sille se yn de steaten wol wer sitte te eameljen dat ik mei twa petten op stean te lullen.'
'No, en? Dat is dochs noch nea oars west?'
'Nee, mar it leit der no wol hiel dik boppe-op.'
De stêfmeiwurker klapt it mapke ticht. 'Sis mar hoe't it oars moat dan?'
Us fergaderboer klaut him om it kin. Alles wurdt foar him betocht, hy is allinnich praatpeal. Hoe soe hy no mei in bettere strategy op de proppen komme? 'We dogge it sa.'
De stêfmeiwurker knikt tefreden. Alles foar it plús, gogogo!!!

Reacties

Populaire posts van deze blog

Friese media voeren koerswijziging door

Artificial Intelligence brûke as moreel kompas

Russen